Noordelijke Rekenkamer  
Frysk Afdrukken

De Noordelijke Rekenkamer is mei yngong fan 2005 de mienskiplike rekkenkeamer fan de provinsjes Drinte, Fryslân en Grinslân. Syn wetlike taak is om ûndersyk te dwaan nei de effisjinsje, doelmjittigens en rjochtmjittigens fan it bestjoer dat troch dy provinsjes fierd wurdt.

De Rekenkamer beslist sels hokker ûnderwerpen oft er ûndersykje sil. De kommende jierren docht er ûndersyk rjochte op de mêden ‘wurkgelegenheid en ekonomy', ‘soarch en wolwêzen' en ‘mobiliteit'. De útkomsten fan ûndersyk wurde publisearre yn in iepenbier rapport en oanbean oan Provinsjale Steaten fan eltse provinsje. Ommers, de rekkenkeamer hat ta doel om de Steaten yn harren ramtstellende en kontrolearjende rol te stypjen. Troch heechweardige ûndersyksrapporten dy't it learend effekt as ynfalshoeke hawwe en troch kennisútwikseling wol de Rekenkamer ek in bydrage leverje oan it iepenbier bestjoer.

De organisaasje fan de Rekenkamer bestiet út in Kolleezje en in buro. It Kolleezje is foar seis jier beneamd en bestiet út

*        mr. G.B. Nijhuis (foarsitter)

*        dr. H. de Groot

*        mr.dr. H.G. Warmelink

Direkteur fan it buro, mr. Carolien Pietjouw, is boppedat siktaris fan it Kolleezje. By it buro wurkje op it stuit trije ûndersikers en in projektlieder; ús management-assistinte Ingeborgh Petri fersoarget de stipe fan Kolleezje en buro.

De wurkwize fan de Noordelijke Rekenkamer is fêstlein yn in ûndersyksprotokol. Dêrtroch is it foar eltsenien dúdlik op hokker stuit en mei wa't de Rekenkamer kommunisearret oer syn wurk.

Hawwe jo fragen oer dy ûnderwerpen of hawwe jo sels in suggestje foar in ûnderwerp dêr't de Rekenkamer ûndersyk nei dwaan kinne soe, nim dan kontakt mei ús op. Wy binne te berikken ûnder telefoannûmer 0592-304790 of jo kinne ús in e-mail stjoere: Dit e-mailadres is beschermd tegen spambots. U heeft Javascript nodig om het te kunnen zien. .

 


Publicatie eindrapport 'Een schone bodem in zicht ?'

Donderdag 23 februari a.s. publiceert de Noordelijke Rekenkamer haar rapport 'Een schone bodem in zicht?' De rekenkamer nodigt de Statenleden uit Drenthe, Fryslân en Groningen van harte uit........lees hier verder.

Onderzoeksprogramma 2012-2013

U kunt hier het Onderzoeksprogramma 2012-2013 downloaden.

Onderzoeksvoorstel Grondbeleid
klik hier voor het onderzoeksvoorstel Grondbeleid.
Zoeken
Lauwers 14 | 9405 BL Assen | secretariaat@noordelijkerekenkamer.nl