De Noordelijke Rekenkamer is mei yngong fan 2005 de mienskiplike rekkenkeamer fan de provinsjes Drinte, Fryslân en Grinslân. Syn wetlike taak is om ûndersyk te dwaan nei de effisjinsje, doelmjittigens en rjochtmjittigens fan it bestjoer dat troch dy provinsjes fierd wurdt.

 

De Rekenkamer beslist sels hokker ûnderwerpen oft er ûndersykje sil. De kommende jierren docht er ûndersyk rjochte op de mêden ‘wurkgelegenheid en ekonomy', ‘soarch en wolwêzen' en ‘mobiliteit'. De útkomsten fan ûndersyk wurde publisearre yn in iepenbier rapport en oanbean oan Provinsjale Steaten fan eltse provinsje. Ommers, de rekkenkeamer hat ta doel om de Steaten yn harren ramtstellende en kontrolearjende rol te stypjen. Troch heechweardige ûndersyksrapporten dy't it learend effekt as ynfalshoeke hawwe en troch kennisútwikseling wol de Rekenkamer ek in bydrage leverje oan it iepenbier bestjoer.

De organisaasje fan de Rekenkamer bestiet út in Kolleezje en in buro. It Kolleezje is foar seis jier beneamd en bestiet út

Mw. mr. drs. M.Ch. A. Smilde (foarsitter)

dr. J. van der Bij

dr. P. L. Polhuis MA

Direkteur fan it buro, dr. M. Herweijer, is boppedat siktaris fan it Kolleezje. By it buro wurkje op it stuit trije ûndersikers en in projektlieder; ús office manager Ingeborgh Petri fersoarget de stipe fan Kolleezje en buro.

De wurkwize fan de Noordelijke Rekenkamer is fêstlein yn in ûndersyksprotokol. Dêrtroch is it foar eltsenien dúdlik op hokker stuit en mei wa't de Rekenkamer kommunisearret oer syn wurk.

 

Hawwe jo fragen oer dy ûnderwerpen of hawwe jo sels in suggestje foar in ûnderwerp dêr't de Rekenkamer ûndersyk nei dwaan kinne soe, nim dan kontakt mei ús op. Wy binne te berikken ûnder telefoannûmer 0592 30 47 90 of jo kinne ús in e-mail stjoere.

Over de Noordelijke Rekenkamer

De Noordelijke Rekenkamer is een onafhankelijk orgaan dat  de doelmatigheid, doeltreffendheid en rechtmatigheid onderzoekt van het door de provincies Drenthe, Fryslân en Groningen gevoerde beleid. 

Neem contact op

Noordelijke Rekenkamer
Dr. Nassaulaan 5
9401 HJ  Assen

0592 30 47 90

Noordelijke Rekenkamer op Twitter